Toanielferiening Fordivedaesje

Toppenhuzen & Twellingea

Novimber 2021

Wy binne wer los!

Nei mear as oardel jier stilsitte ha wy de rippetysjes foar it stik “It Deiboek fan Anne Frank” einliks wer oppakt!

Mei in protte nije moed en in twatal nije spilers binne wy yn oktober 2021 wer út ein set om ús ta te rieden op de foarstellings dy’t wy fan doel binne te spyljen yn de perioade fan 22 april oant en mei 4 maaie 2022.

Wy ha ek in nije oefenromte fûn: wy binne tige bliid mei de meiwurking van de direkteur fan de skoalle en bestjoer en behearder fan It Harspit wêrtroch wy de kommende moannen rippeteare kinne yn ús moaie doarpshûs!

It Deiboek fan Anne Frank

Toanielferiening Fordivedaesje Toppenhuzen & Twellingea komt 75 + 2 jier nei de befrijing op ‘e planken mei it stik ‘It Deiboek fan Anne Frank’

Lees verder

Oer toanielferiening Fordivedaesje

“Fordivedaesje” bloeit al mear as 40 jier. Der binne in soad leden, spyljende leden en donateurs en der komme stadichwei nije leden by. De feriening is oprjochte yn 1977 troch twa tûke spilers yn Top & Twel: Douwina Bouwhuis en Uiltje F. de Jong. In jier letter koe it earste stik opfierd wurde: “Lok wat jouwste”. Waarden der yn it begjin noch meast blijspullen foar it fuotljocht brocht, yn ‘e rin fan’e tiid kamen der ek serieuzere stikken oan bar. En benammen dêrmei hat de feriening in soad eare ynlein.

By de jierlikse toanielkriich fan Stifting Amateurtoaniel Fryslân slagge it Fordivedaesje Top & Twel tusken 2010 en 2014 troch te brekken fan de leechste nei de heechste klasse. Yn 2010 promovearre sy fan de 3e nei de 2e klasse mei “De Trije Einepiken”, yn 2012 nei de 1e klasse mei “Ien fleach oer it koekoeksnêst” en yn 2014 kaam de bekroaning mei promivaasje nei de ‘by útstek’-klasse mei it drama “Sneinsbern”. Heech skoarde de feriening ek mei “De Ytkeamer” (2016) en it grutte iepenloftspul “De Striid”, wêr’t de leginde oer it ûntstean fan it twillingdoarp yn útbylde waard, krige yn 2017 priizgjende kritiken fan de parse.

De filosofy fan de feriening is “foar it doarp en mei it doarp”. Dat wol sizze dat oan de fraach nei loftige kluchten noch altyd mei likefolle nocht foldien wurdt as oan it delsetten fan in psychologysk drama. It betsjut ek dat net altyd mei deselde spilers wurke wurdt, wat fansels ta mear ûnderfining en hegere aktearprestaasjes liede soe, mar dat hieltyd wer oare spilers in kâns krije op it toaniel. Troch dy ynstek binne der bytiden ûnferwachte peareltsjes fûn.

En dan no yn 2022 in wiere premiêre: Fordivedaesje Top & Twel is de earste toanielferiening dy’t “It Deiboek fan Anne Frank”, de Fryske oersetting fan it Broadway-stik “Diary of a Young Girl”, binnen op it toaniel útfiert. Ek noch ûnder rezjy fan Rense Rotsma, de man dy’t nei New York ta reizgje moast om de rjochten hjirfoar los te krijen en yn Deinum Gouden Gurbes wûn mei syn bewurking as iepenloftspul.

Lees verder