Thea Huitema (Miep)

It is alwer hiel wat jierren lyn dat ik mei de einmusical fan groep 8 foar it earst op’e planken stie. Myn earste echte toanielûnderfining wie by it jongereinteater it ymprovisaasjestik “Kakkers en Aso’s”. Dêrnei hie ik rollen yn “Treast mei sûker en molke”, “Net te beteljen sa’n leadjitter”, “Moard yn’e klaaikeamer” en “Frou en Faam”. Mar myn moaiste oantinken is it stik “Wachtsjend Wetter” op’e pleats yn Twellegea. Dat wie de earste kear dat ik drama spile en ik fûn it hiel bysûnder om mei spyljen de minsken sa reitsje te kinnen. Dernei bin ik ferhuze nei Heech en ophâlden fan spyljen oant ik twa jier lyn frege waard as ferteller yn it iepenloftspul “De Striid”. En no spylje ik de rol fan Miep yn “It Deiboek fan Anne Frank”. Miep Gies is ien fan de helpers fan de ûnderdûkers yn it Achterhûs. Sy wit de deiboeken fan Anne Frank te rêden en te bewarjen.

< Werom nei alle spilers fan “It deiboek fan Anne Frank”