Wieger Westerdijk (Peter van Daan)

Fan myn 4e oant myn 8ste jier haw ik meidien mei it beukertoaniel. Dat fûn ik doe prachtich. Dêrnei is it spyljen yn it ferjit rekke mar no bin ik dus frege foar de rol fan Peter yn “It Deiboek fan Anne Frank”. Hiel bysûnder fyn ik dat. Eins wist ik net sa folle ôf fan ûnderdûkers yn oarlochstiid, útsein wat der oer ferteld waard by de skiednislessen op skoalle. It deiboek fan Anne Frank hie ik ek noch nea lêzen mar no wol fansels. Anne is in bytsje fereale op Peter. Hy is wat in stille en skrutene jonge en dat karakter stiet wol in ein fan my ôf. It wie dus in bytsje dreech om my yn te libjen mar ik fyn it in moaie rol. Ik bin 20 jier.

< Werom nei alle spilers fan “It deiboek fan Anne Frank”