Herman Rijpkema (Dussel)

Mei toanielspyljen bin ik begûn doe’t ik in jier of 16 wie en yn Plan de Grachten fan Twellegea kaam te wenjen. Dat wie yn 1975/76. Heit wie ek in entûsjast toanielspiler, dat it wie fanselssprekkend dat ik meidwaan soe mei it jongereintoaniel yn It Lokaal fan’e tsjerke. Letter haw ik by Fordivedaesje ferskate rollen spile. Dat wienen benammen komyske ienakters. Ik kin my al dy titels net mear te binnen bringe mar myn moaiste oantinken is de haadrol dy’t ik spile haw yn it blijspul “Portret fan Pake”. “It Deiboek fan Anne Frank” is hiel wat oars fansels. Hjiryn spylje ik de rol fan Dussel. Eins hjit er fan Fritz Pfeffer mar Anne hat in hekel oan dizze toskedokter en neamt him Dussel wat in it Dútsk safolle as ‘sokses’ betsjut.

< Werom nei alle spilers fan “It deiboek fan Anne Frank”