FARAO AROMAT II

De magyske stêf fan Farao Aromat II is stellen út it museum. In spesiale ienheid fan de plysje wurdt op ‘e saak setten. Al gau binne der ferskate fertochten yn byld. Se hawwe allegear in eigen motyf. Want sis no earlik, elkenien kin dochs wol in magyske stêf brûke, is’t net sa?

In komysk stik, betocht en skreaun yn 2017 troch trije freonnen út Langwar, Andries de Vries, Marc de Groot en Klaas Visser. It stik is noch mar ien kear spile, yn 2018 troch harren sels. En no hat “Fordivedaesje” de eare om dit stik op ‘e planken te bringen.

Spilers:
Douwe Wijnja
Wolter Postma
Johannes Feenstra

Regy:
Jan Overwijk