Oer Anne, it deiboek

Vertaal naar Nederlands

Hoe koe in deiboek fan in famke fan 15 jier ien fan de meast lêzen boeken fan de wrâld wurde? En hoe koe de skriuwster hjirfan útgroeie ta in ynternasjonaal ferneamd persoan, wylst se twa jier foar de earste publikaasje fan it boek ferstoarn is?

Anne begûn mei har deiboek op 14 juny 1942, twa dagen nei har trettjinde jierdei en in pear wiken foar dat sy mei har famylje ûnderdûkte yn it achterhûs fan Prinsengracht 263 yn Amsterdam, wêr’t har heit Otto syn bedriuw Opekta hie. Op dizze wize hoopte de famylje Frank út de hannen te bliuwen fan de Joadenferfolgers yn it troch de nazi’s besette Nederlân.

Goed twa jier lang skreau Anne sawat alle dagen yn har deiboek oer har deistich libben mei har âlden, har suster en fjouwer oaren yn it achterhûs, oer har eangst dat de Dútsers harren ûntdekke sille, oer har wrakseljen mei it folwoeksen wurden en oer har fantasijen oer de takomst, nei de oarloch. Se woe graach skriuwster of sjoernaliste wurde ..

Nei mear as twa jier, op 4 augustus 1944, waard harren skûlplak dochs ûntdutsen troch de nazi’s. Se waarden arrestearre en ôffierd nei konsintraasjekampen en yn febrewaris 1945 ferstoar Anne yn kamp Bergen-Belsen oan de gefolgen fan flektyfus en útputting.

It deiboek fan Anne bleau by de arrestaasje fan de ûnderdûkers yn it achterhûs lizzen. Miep Gies, ien fan de minsken dy’t de ûnderdûkers twa jier lang holpen hie, fûn en bewarre it. Sy joech it nei de oarloch oan Anne’s heit, Otto Frank, de ienige fan de ûnderdûkers dy’t de ferskrikkingen fan de konsintraasjekampen oerlibbe. Otto Frank wie djip ûnder de yndruk fan it deiboek en besleat it as boek út te jaan.

Op 25 juny 1947 ferskynt de earste druk fan “Het Achterhuis” yn 3.000 eksemplaren. Dêr bliuwt it net by: it boek wurdt oersetten yn mear as 70 talen, der komt in toanielstik en in film. De hiele wrâld komt yn de kunde mei Anne’s ferhaal en yn 1960 wurdt it achterhûs in museum. Otto Frank bliuwt oant syn dea yn 1980 nau belutsen by de Anne Frank Stichting en it museum: hy hopet dat alle lêzers fan it deiboek harren bewust wurde fan de gefaren van diskriminaasje, rasisme en Joadenhaat.

Binne jo op ‘e basis fan dit ferhaal nijsgjirrich wurden nei it toanielstik troch toanielferiening Fordivedaesje? Lês hjir mear oer