22, 23, 30 april, 1 & 4 maaie 2022
Yn it ramt fan 75 + 2 jier befrijing sil toanielferiening Fordivedaesje ein april en begjin maaie 2022 it bysûndere stik “It Deiboek fan Anne Frank” op ‘e planken sette. Dûbel bysûnder want noch nea earder is de Fryske fertaling fan it orizjinele Broadway-stik “Diary of a Young Girl” earne binnen foar it fuotljocht brocht. En dat ûnder rezjy fan Rense Rotsma, de man dy’t sels nei New York ta reizigje moast om de rjochten foar de fertaling en útfiering yn hannen te krijen. Efter de skermen is in grutte ploech spilers, dekorbouwers en oare opteine frijwilligers al moannenlang mei de tariedings yn it spier. It mist eins net dat it in grut sukses wurde sil.
‘
Trailer ‘It Deiboek fan Anne Frank’
Mear witte oer teatermaker Rense Rotsma? Lês it hjir
Benijd nei wa’t de spilers binne? lês it hjir >
Benijd nei it ferhaal fan it deiboek? lês it hjir >
Benijd nei de skiednis fan it stik en de film? lês it hjir >