“Grut dreame, dêr hald’ ik fan…”
In besiele teatermakker. Sa kinst regisseur Rense Rotsma út Ried it bêste omskriuwe. En in sinnige bliksem – dat ek. Dat hy no foar Fordivedaesje Top & Twel it toanielstik “It Deiboek fan Anne Frank” regissearret is de tredde kear dat hy it stik op bysûndere wize foar it fuotljocht bringt. De earste kear yn Wommels as toanielstik yn it Nederlânsk, de twadde kear yn Deinum as in yn it Frysk oerset iepenloftspul en no yn Top en Twel foar it earst as toanielstik yn it Frysk. Foar Fordivedaesje in premjêre, foar Rotsma de finale. “No hat it moai west. Ik ha mei dit stik alles dien wat ik dwaan woe.”
Fan syn bernetiid ôf is Rotsma yn’e ban fan it deiboek fan Anne Frank. Hy lêst it op de legere skoalle en fynt it daliks in tige spannend en nijsgjirrich ferhaal. “Net de spanning fan de oarloch, dy spilet yn it boek eins allinnich mei op’e eftergrûn. Mar wat my sa fassinearre wie de spanning fan in groep ferskillende minsken yn in lytse romte en dat opstânnige famke dat grutte dreamen hie. It rekke my hoe’t sy sa boeiend skriuwe koe oer de sitewaasje, de karakters om har hinne en de moaie takomst dy’t sy foar har seach.”
Kreativiteit en toanielspyljen sit Rotsma yn it bloed, dat fanselssprekkend folget hy nei syn kommersjele oplieding de toanielskoalle yn Amsterdam. Hy wurket foar in soad toanielselskippen as regisseur en komt sa ek te wurkjen by Stifting Stêdsteater Ljouwert. As dy yn 2005 foar Wommels ‘wat nijs’ op’e planken sette wol, komt Rense op it idee om it toanielstik “Het Dagboek van Anne Frank” te kiezen. It waard opfierd rûnom Deadebetinking. “Ja, dat wie emosjoneel. Mar ik hâld no ienris fan útdagings”, seit Rotsma, dy’t grutsk wêze kin op syn kar en syn rezjy want it wie tige slagge. En dat smakke nei mear.
“Soe it net moai wêze as dit prachtige stik ek ris yn it Frysk spile wurde koe…” In grutte dream, Anne Frank weardich. Mar fan dy earste gedachte nei de wurklikheid is in lang paad fol tûkelteammen. De útjouwerij yn Nederlân lit witte dat it hiel dreech wurde sil om yn Amearika de rjochten foar in oersetting te krijen. Dochs besykje fansels. Rotsma skriuwt in brief nei de stifting dy’t dêr oer giet. As nei lang wachtsjen úteinlik it antwurd komt dat it toanielstik net útfierd wurde mei yn streektalen of dialekten, wurket dat as in reade lape op in bolle. It Frysk is ommers in yn de Nederlânske Grûnwet erkende twadde rykstaal! Mei in offisjeel skriuwen fan de Provinsje en in yn it Ingelsk oersetten kopy fan de Grûnwet yn’e bûse stapt Rotsma op it fleantúch nei New York. Mei fjoer en faasje fertelt hy dêr oer syn plannen it toanielstik te bewurkjen ta Frysk iepenloftspul. En mei súkses want hy krijt de rjochten. Foar de Fryske oersetting freget hy Tjitske Smits. “Mei sin in jonger persoan want dy kin de sfear krekt wat mear nei de faasje fan no ta helje.” Nei in soad tarieding en hiel hurd wurkjen wurdt yn 2015 it iepenloftspul yn Deinum opfierd. De mega-produksje wint mar leafst twa Gouden Gurbes en de Amearikaanske rjochthâlders, sels oanwêzich by de útfiering, binne tefreden.
Ein goed, al goed? Net hielendal. Want it stik is oan dat stuit ta noch nea as binnen-toanielstik (sa’t it bedoeld wie) opfierd yn it Frysk. Mar dan kloppet begjin 2019 ynienen in lyts toanielselskip as Fordivedaesje út Top en Twel oan by Rotsma. Oft it miskien mooglik is de Fryske ferzy op’e planken te bringen? Rotsma: “Haha, grutte dreamers, dêr hâld ik fan! Ik sei noch: jonges, witte jim wol hoefolle tiid en muoite it kostet om dat mei dy Amearikanen rûn te breidzjen? Hawar, de kop derfoar en it is dochs wer slagge.”
Rotsma repetearret al in skoft mei de spilers fan Fordivedaesje en hat der alle fertrouwen yn. “Jo kinne hiel wat moais delsette mei in groep minsken, oft sy no profesjoneel binne of net. De grutte útdaging foar my is om it ultime te berikken yn it ramt fan wat mooglik is. Alle minsken dy’t belutsen binne by dizze produksje gean derfoar. De measte foldwaning jout it my as úteinlik elk minske it bêste út him- of harsels wit te heljen.”