Toanielspyljen sit ús famylje yn it bloed. Heit Pier Visser wie yn ús doarpen in ferneamd spiler en myn suske Jacoba en ik hawwe ek al hiel wat rollen op ús namme stean. By Fordivedaesje haw ik troch de jierren hinne ferskate rollen spile yn ienakters en dan it leafst stikken mei in protte humor. De lêste tiid bringt ús feriening ek grutte en serieuze stikken op’e planken. Sa haw ik ûnder oaren rollen hân yn moaie stikken as “Sneinsbern” en “De Ytkeamer”. Boppedat haw ik yn 2017 mei in protte wille meispile yn it iepenloftspul van Top en Twel: “De Striid”. En no dus “It Deiboek fan Anne Frank”. Wat in útdaging! Ik mei de rol fan Herman van Daan (Hermann van Pels) spylje, in brompot yn’e eagen fan Anne Frank. In moaie rol mei in pracht selskip en in pracht regisseur.