Brecht Visser (Margot Frank)

Myn namme is Brecht Visser. Ik bin 26 jier en de dochter fan Anne Visser. Ik ha noch net in hiel soad ûnderfining mei toanielspyljen. Yn 2017 ha ik mei nocht spile yn it iepenloftspul fan Top en Twel: “De Striid”. Spylje yn in bysûnder stik lykas “It Deiboek fan Anne Frank is nij foar my mar in moaie útdaging! Ik ha de rol fan Margot Frank. Margot is benammen bekend as ‘de sus fan’ en stiet yn it skaad fan Anne. Sy is in skruten mar snoad famke.

< Werom nei alle spilers fan “It deiboek fan Anne Frank”