Dieuwke Atsma (Anne Frank)

Ik bin Dieuwke Atsma en ik bin 19 jier.

In jier as 7 werom haw ik meispile yn de komyske ienakter ‘TomTom’ en yn 2017 hie ik in lytse rol yn it iepenloftspul ‘De Striid’.

Ik haw nocht oan tonielspyljen, omdat je dan ûnderfine kinne hoe it is om in oar te wêzen. Derneist is it fansels leuk om minsken te fermeitsjen.

Yn ‘It deiboek fan Anne Frank’ spylje ik Anne. Sy mocht ek graach entertaine en yn it middelpunt stean. Mar yn it stik leare wy Anne ek op oare manieren kinnen.