Ik bin begûn mei jongereintoaniel yn Toppenhuzen wêr’t wy yn it begjin ymprovisaasjestikken spile hawwe lykas “Kakkers en Aso’s”. Dêrnei in pear stikken by it ‘grutte toaniel’ oant ik frege waard om by it toanielselskip fan Drylts te kommen. Hjir haw ik sa’n 20 jier spile yn prachtige stikken lykas: “Wat in Ferskining”, “Sneinsbern”, “Gouden Hantsjes”, “De Goate” en “Ald Boartersguod”. By Teater Fjoer haw ik yn 2015 “De tiid foarby” spile en yn de ôfrûne pear jier haw ik noch meispile yn twa stikken hjir yn Toppenhuzen: “Belje Dokter” (2016) en “De Laits fan Izebaits” (2019). Foar it Iepenloftspul “De Striid” mocht ik de sêne by Kuindersma op ‘e pôle regissearje . Tuskentroch haw ik fan 2002 oant 2014 by belibbingsteater Rakmak in pear stikken spile en ûntwikkele. En dan no de prachtige rol fan Edith Frank. Anne koe net sa bêst oerwei mei har mem en hie in folle bettere bân mei har heit. Dochs wie Edith in ynskiklike frou dy’t fan alles besocht om de sfear yn it Achterhûs goed te hâlden. Mar mei in soad ferskillende minsken ûnder hege spanning yn in lytse romte slagge dat net altyd..