Hans Bergsma (Otto Frank)

Ik spylje toaniel fanôf ûngefear myn 15e jier, altyd yn it Frysk. Earst by de ‘herfoarme knapenclub’ en dêrnei by de ‘jongerein’ fan Top&Twel. Nei ús trouwen kamen wy yn Almere te wenjen en doe spile ik net want dêr wie fansels gjin Frysk toanielselskip. Yn 1987 binne wy ferhuze nei de Lemmer. Dêr ha ik in pear jier spile en fanôf begjin jierren ‘90 wer yn Top & Twel by Fordivedaesje. Ik ha hjir yn 25 jier in soad rollen hân. De meast resinte binne dy fan ynspekteur Tadema yn “De trije einepiken” (Agatha Christie’s Mousetrap), opstannich psychiatrysk pasjint Max Midland yn “Ien fleach oer it koekoeksnêst”, ôftakeljend âld man Kuperus yn ‘Sneinsbêrn’, ferskate rollen yn “De Ytkeamer”, reus Jarich yn “De Striid” en no mei ik dus meidwaan oan “It Deiboek fan Anne Frank”. Ik fyn it in hiele eare om yn dit bysûndere stik de rol fan heit Otto Frank spylje te meien; in man dy’t yn dy drege tiid besiket de moed der yn te hâlden by syn gesin en de oare ûnderdûkers yn it Achterhûs en se te behoedzjen foar it driigjende gefaar..

< Werom nei alle spilers fan “It deiboek fan Anne Frank”