Yn de argiven sneupend om te sjen wannear’t ik myn earste rol spile haw by Fordivedaesje moast ik hielendal werom nei 1993: it toanielstik “Kaïn”. Hast net te leauwen dat dit al 26 jier lyn is. Dêrnei folgen meardere stikken sa as “It Perron”, “In skûle yn ‘e nacht”, “De trije einepiken”, “Wachtsjend wetter”, “Ien fleach oer it koekoeksnêst” en “De Ytkeamer”. Dy lêste twa stikken ûnder de rezjy fan Wiesje Jansma, fan wa’t wy in soad leard hawwe. It meast bysûndere stik is miskien wol dat wat wy no spylje sille: “It deiboek fan Anne Frank”, ûnder de treflike rezjy fan Rense Rotsma. Ik spylje yn dit stik de rol fan mefrou Van Daan (alias Auguste van Pels). Neffens Anne in bliere en warbere frou dy’t de keukenprinses fan it ûnderdûkersselskip is.