Melissa Pander

Myn namme is Melissa. Ik bin 20 jier en toanielspyljen hat altyd myn dream west.

Ik doch by D’Drive yn Ljouwert in oplieding foar Artiest, útfierend musikant én sit yn it fiifde jier fan de MUZT musicaloplieding yn Snits. Yn de earste trije jier haw ik dêr ensemble-rollen spile yn ferneamde musicals as “Mary Poppins”, “Petticoat” en “Spamalot”. Yn 2019 haw ik de rol fan de Draak spile yn de musical “Shrek” en dit jier spylje ik mei yn de musical ‘Beauty and the Beast”.

Yn “It Deiboek fan Anne Frank” bin ik reserve-spiler foar de rol fan Anne. Sy is in tige entûsjast famke mar sy hat ek in serieuze kant dy’t yn’e rin fan it stik hieltyd mear nei foaren komt.

< Werom nei alle spilers fan “It deiboek fan Anne Frank”