Myn earste tonielûnderfining wie doe’t ik 12 jier wie. Ik hie heard dat je fanôf 12 jier mei dwaan mochten mei toniel, dat doe’t ik 12 wie ha ik my gelyk opjûn. Ik mocht gelyk mei dwaan oan it stik “Treast mei sûker en molke”. En dermei wie ik ferkocht. Ik ha by Fordivedeasje ferskate rollen hân, werûnder de haadrol yn de krystmusikal “En doe waard it kryst” en in rol yn it stik “Ien fleach oer it koekoeksnêst”. Nei’t wy ferhuze binne nei Nylân, ha ik my oansletten by de tonielferiening yn Nylân. Mar doe’t ik troch it bestjoer fan Fordivedaesje frege waard om mei te spyljen yn “It deiboek fan Anne Frank” sei ik gelyk ‘JA!’. Spylje yn Toppenhuzen fielt hiel fertroud en ik ha der nocht oan om meielkoar in prachtich stik del te setten. Ik spylje de rol fan Miep Gies, ien fan de helpers fan de ûnderdûkers yn it Achterhûs. Miep is dejinge dy’t it deiboek fan Anne fûn en dit bewarre hat oant Otto Frank werom kaam.