Ik bin Wolter Postma, 30 jier.
Ik spylje yn it stik “It Deiboek fan Anne Frank” de rol fan Peter Van Daan, in jonge fan 16 jier, in bytsje bleu en sljocht op syn kat.
In pear jier lyn ha ik spyle yn de komyske ienakter “Farao Aromat II”. Fierder ha ik gjin ûnderfining mei toniel. Ik tink dêrom dat ik in protte leare kin fan Rinse, ús regisseur, al sil ik dat net sa gau tajaan: wa wit, bin ik in natoertalint, óf net …
Ik ha der yn elts gefal in hiel soad nocht oan en hoopje dat wy dit yndrukwekkende ferhaal hiel moai oan elkenien sjen litte kinne.