Yn 1955 skreau it Amerikaanske stel Francis Goodrich en Albert Hackett it toanielstik “The diary of Anne Frank”, basearre op de Ingelske oersetting “The Diary of a Young Girl” fan it boek “Het Achterhuis”. Otto Frank karde dizze toanielbewurking goed, ek al wykte it op in oantal plakken ôf fan it deiboek. It stik waard op Broadway yn New York mar leafst 717 kear opfierd en wie in grut súkses. It stik krige ek in Dútske fariant. Mear as 2 miljoen Dútsers seagen it en wiene gauris sa oandien dat it nei ôfrin fan it stik somtiden minutenlang deastil bleau yn ’e seal.
Mies Bouhuys sette it stik oer nei it Nederlânsk en it waard foar it earst spile yn 1956 yn it teater “Nieuwe de la Mar” yn Amsterdam mei keninginne Juliana en prins Bernhard as taskôgers. In nije útfiering fan it stik waard, earst op toaniel en letter as tillefysjebewurking, makke yn 1984 troch regisseur Jeroen Krabbé dy’t sels ek de rol fan Otto Frank spile. Jip Wijngaarden spile Anne Frank.
It boek wie al earder yn it Frysk oersetten, yn 1995 troch Jacobus Q. Smink, mar it duorre oant 2015 dat it toanielstik yn it Frysk te sjen wie. Yn Deinum makke regisseur Rense Rotsma fan de Fryske oersetting, troch Tjitske Smits, in geweldich moai iepenloftspul mei mear as 60 spilers en figuranten. De premjêre wie op 12 juni 2015, de 86e bertedei fan Anne. De rol fan Anne waard spile troch Eline de Vries, dy ’t dêrfoar de Gouden Gurbe foar de bêste haadrol krige. It iepenloftspul krige dat jier ek de publiekspriis.
En no, krekt 75 + 2 jier nei de befrijing fan Nederlân, komt der wér in premjêre want fan 22 april oant en mei 4 maaie 2022 sil it toaniel fan It Harspit yn Toppenhuzen & Twellingea omfoarme wurde ta it Achterhûs en sil de Fryske ferzy foar de earste kear binnen spile wurde troch toanielferiening Fordivedaesje.