Dieuwke Atsma (Anne Frank)
Ik bin Dieuwke Atsma en ik bin 19 jier.
Yn ‘It deiboek fan Anne Frank’ spylje ik Anne. Sy mocht ek graach entertaine en yn it middelpunt stean. Mar yn it stik leare wy Anne ek op oare manieren kinnen.
Brecht Visser (Margot Frank)
Myn namme is Brecht Visser. Ik bin 26 jier en de dochter fan Anne Visser. Ik ha noch net in hiel soad ûnderfining mei toanielspyljen. Yn 2017 ha ik mei nocht spile yn it iepenloftspul fan Top en Twel: “De Striid”.
Hans Bergsma (Otto Frank)
Ik spylje toaniel fanôf ûngefear myn 15e jier, altyd yn it Frysk. Earst by de ‘herfoarme knapenclub’ en dêrnei by de ‘jongerein’ fan Top&Twel.
Elja van der Meer (Edith Frank)
Ik bin begûn mei jongereintoaniel yn Toppenhuzen wêr’t wy yn it begjin ymprovisaasjestikken spile hawwe lykas “Kakkers en Aso’s”.
Anne Visser (Herman van Daan)
Toanielspyljen sit ús famylje yn it bloed. Heit Pier Visser wie yn ús doarpen in ferneamd spiler en myn suske Jacoba en ik hawwe ek al hiel wat rollen op ús namme stean.
Jacoba Visser (Auguste van Daan)
Yn de argiven sneupend om te sjen wannear’t ik myn earste rol spile haw by Fordivedaesje moast ik hielendal werom nei 1993: it toanielstik “Kaïn”.
Wolter Postma (Peter van Daan)
Ik bin Wolter Postma, 30 jier.
Ik spylje yn it stik “It Deiboek fan Anne Frank” de rol fan Peter Van Daan, in jonge fan 16 jier, in bytsje bleu en sljocht op syn kat
Herman Rijpkema (Dussel)
Mei toanielspyljen bin ik begûn doe’t ik in jier of 16 wie en yn Plan de Grachten fan Twellegea kaam te wenjen. Dat wie yn 1975/76.
Saagry Postma-de Schiffart
(Miep)
Ik spylje de rol fan Miep Gies, ien fan de helpers fan de ûnderdûkers yn it Achterhûs. Miep is dejinge dy’t it deiboek fan Anne fûn en dit bewarre hat oant Otto Frank werom kaam.
Melissa Pander
Myn namme is Melissa. Ik bin 18 jier en toanielspyljen hat altyd myn dream west. Ik sit yn it fiifde jier fan de MUZT musicaloplieding yn Snits.